17 mei 2022

Omrop Fryslân: Doarpswurk skrikt no't provinsje subsydzje ôfbouwe wol: “Onverkwikkelijk”

De takomst fan Stichting Doarpswurk stiet faai. Deputearre Steaten, dat no alle jierren 832.000 euro beskikber stelt, wol mei yngong fan 2025 de subsydzje alle jierren ôfbouwe.

Foarsitter fan Doarpswurk, Doeke Anne Fokkema fynt it “onverkwikkelijk” dat de provinsje dit fan doel is. “It past net yn it byld dat wy hawwe fan it belang fan ús wurk.”
Doarpswurk krige moandei oan de ein fan de middei in telefoantsje fan deputearre Klaas Fokkinga, dy’t fertelde dat dit de bedoeling is. “Sa geane je net mei minsken om. En sa geane je net mei it Fryske plattelân om”, sa is de foarsitter fan betinken.
Fokkema kin der net by. “Der is oanjûn dat der besunige wurde moat en dat de provinsje net fierder yn leefberens ynvestearje wol. Dat is nuveraardich, want dat stiet wol yn it koälysje-akkoart.” Sûnder in nij systeem it jild al weromlûke, dat fynt Fokkema in ûnlogyske wurkwize.

Gjin reaksje

De provinsje wol neffens Doeke Fokkema in oare struktuer. Doarpswurk hat dêr ek ideeën foar oanlevere, fertelt de foarsitter. Mar dêr hawwe se noait in reaksje op hân. Neffens Fokkema hat de provinsje ek noch net in oare struktuer foar eagen of binne se der yn alle gefallen noch net út hoe’t dy der út sjen moat.

“De provinsje wol al in oantal jierren sjen nei in nije netwurkstruktuer om de doarpen te stypjen. Wy hawwe in tal foarstellen yntsjinne, mar dêr is noch hieltyd net in beslissing oer naam”, seit Fokkema.


Deputearre Klaas Fokkinga by de Doarpsbrûsdei fan Doarpswurk yn maart© Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Neffens Fokkema is Doarpswurk fan grut belang foar de mienskippen op it plattelân, bygelyks foar de stipe oan doarpshuzen. Ek by de ferduorsuming fan doarpen is Doarpswurk in oansprekpunt foar de koöperaasjes dy’t dêrmei dwaande binne. In skeakel tusken de doarpen en de polityk.

Skeakel tusken mienskip en bestjoer

As dêr gjin alternativen foar komme, dan sille doarpen en organisaasjes tenei sels streekrjocht mei de provinsje oerlizze moatte, tinkt Fokkema. Bygelyks by ferduorsumingsplannen. “Dat is net effisjint en doarpen kinne dan ek net mear fan inoar leare.”

Je smite gjin âlde skuon fuort, foar’t je nijen hawwe. It is sneu foar Doarpswurk, mar noch wichtiger: de doarpen komme yn de kjeld te stean.

Foarsitter Doeke Anne Fokkema fan Doarpswurk
Doarpswurk leit him der net samar by del. “Wy sille ús rjochtsje op Provinsjale Steaten om dit op te kearen.”
Tink hjir nochris oer nei, is de oprop fan Fokkema. “Wy hawwe fan Provinsjale Steaten ek wol sinjalen dat men dit net passend fynt. Je smite gjin âlde skuon fuort, foar’t je nijen hawwe. It is sneu foar Doarpswurk, mar noch wichtiger: de doarpen komme yn de kjeld te stean. Wa stipet de doarpen dan?”