Mienskip
Undersiker Jesse David Marinus fertelt dat de oanlieding fan it rapport de trend is dat ferieningen minder leden hawwe. Doe’t se dêrop trochfregen, kaam derút dat der minder frijwilligers en ynkomplete bestjoeren binne, en dat de klups en ferieningen problemen hawwe mei de finânsjes.
Mei de partners Doarpswurk, Sport Fryslân en Keunstwurk hawwe se bepraat wat der barre moat. Minsken wurde lid fan in feriening foar de gesellichheid en de sosjale kontakten. As der minder leden binne, wurdt dat dreger. Wat docht dat mei de mienskip, freget Marinus him ôf.
Oplossingen
It ûndersyk is dien ûnder mear as 400 ferieningen. Fan doarpsferieningen oant keunst-, kultuer- en sportferieningen. Wat de ferieningen dwaan kinne is freegje wat de leden graach wolle. Hoe kin de moetingsfunksje fersterke wurde? En mear gearwurking soe ek in oplossing wêze kinne. Bygelyks ien bestjoer foar meardere ferienigingen of klups.