16 november 2022

Omrop Fryslân: Mear as 70 % fan doarpshuzen kin rekkens aanst net mear betelje

Doarpshuzen sitte yn swier waar troch de enerzjykrisis. Mear as santich persint seit dat se de rekken aanst net mear betelje kinne. Dat jouwe se oan yn in enkête fan Stichting Doarpswurk en soartgelikense organisaasjes yn Nederlân.

“Yn krisissen prate wy faak oer fiif foar tolven, ik tink dat it yntusken fiif oer tolven is”, seit Theo Andreae fan Doarpswurk. “Dizze situaasje is bysûnder soarchlik foar in hiel soad doarpshuzen.”
Twa doarpshuzen lykje echt op omfallen te stean, seit Andreae. Dat binne De Jister yn Twizelerheide en It Harspit yn Toppenhuzen. “Ik tink dat dêr de kommende tiid yn rap tempo mear by komme sille. Nei corona is dit de klap dy’t se eins net mear oan kinne.”
“De doarpshuzen fine wol in harkjend ear by de gemeenten. Der binne op it stuit in soad gemeenten dwaande mei de foarming fan needfûnsen, om ûnder oare doarpshuzen, mar ek sportferieningen en oare partijen te stypjen as dat nedich is.”

Fidúsje

Doarpshuzen soenen oereinholden wurde kinne mei jild út sa’n needfûns, mar dêrnei is it neffens Andreae saak om te sjen nei in strukturele oplossing. Hy fynt dat de doarpsbewenners dêr ek by belutsen wurde moatte. “De bal leit foar in part ek by de ynwenners en it doarp sels. As dy der gjin fidúsje mear yn ha, dan hâldt it op.”
It ferdwinen fan in doarpshûs betsjut faak it ferdwinen fan ien fan de lêste foarsjenningen dy’t der noch binne yn in doarp. Boppedat hat it plak in wichtige moetingsfunksje foar bewenners, seit Andreae. “En wy witte allegear, as it ien kear fuort is komt it net wer.”
Hy is der wiis mei dat de doarpshuzen troch needfûnsen yn elts gefal trochkomme kinne, mar wol dêrnei mei de provinsje sjen nei de rappe ferduorsuming fan al it maatskiplik fêstgoed. “Sadat se net mear ôfhinklik binne fan dizze bysûnder gefoelige prizen op dit stuit.”


Doarpshuzen: fiif oer tolven (Film reportage van Omrop Fryslân)

Doarpshuzen: fiif oer tolven

By It Harspit yn Toppenhuzen kinne se it neffens bestjoersfoarsitter Jappy Wijnja noch oant april útsjonge, mar dan is it jild echt op. Der binne dêrom twivels oft se net better ticht kinne: “Dat is in grut dilemma. We hawwe dêr wol nei sjoen. As je tichtgeane giet it enerzjyferbrûk net nei nul, mar je misse wol de ynkomsten.”
It doarpshûs bliuwt dêrom foarearst dochs iepen. Ta gelok fan ien fan de besyksters: “Het dorpshuis is vreselijk belangrijk. Ik zou niet weten wat we zonder dorpshuis zouden moeten.”

Ferduorsumingsplan

By It Harspit sille se no wurkje oan in ferduorsumingsplan. Dat hoopje se klear te hawwen foar de folgjende winter. No is it foar it doarpshûs earst de grutste soarch om dizze winter troch te kommen.
De wethâlder hat tsjin se sein dat de gemeente de doarpshuzen net omfalle litte wol. “Dus dêr hâlde we ús mar oan fêst”, seit Wijnja.

Enkête

Doarpswurk hat in enkête hâlden ûnder alle 270 doarpshuzen yn Fryslân oer hoe’t it no giet yn de enerzjykrisis. Dêr hawwe 62 doarpshuzen in reaksje op jûn.

Tekst: Omrop Fryslân
Foto: Ús Doarpshûs yn Terwispel (staat niet in artikel) – Doarpswurk

Infographic van de Friese uitslagen

Infographic van de landelijke uitslagen

Meer berichten: Patru motive pentru a face sex la hoteluriكيف يمكنك اكتشاف الغش العاطفي؟How to create an OnlyFans Accountمعا لعبة والجنس للمثلياتBărbații folosesc și jucării sexualeWhat does the future look like for sex after giving birth?