31 mei 2021

Stazjêres oer staazje by Streekwurk

Yn it koroana-jier 2020 wie yn de parse in soad omtinken foar studinten en learlingen. In protte rûnen efterstân op yn harren stúdzje om’t sy gjin staazjeplak krije koene. It tiim fan Streekwurk woe dêr graach mei-inoar har maatskiplike ferantwurdlikheid yn nimme. Fansels moat der tiid yn stutsen wurde, mar de studinten dogge moaie karweien en bringen nije enerzjy en ynsichten mei nei it tiim. Posityf foar beide kanten dus!

De ôfrûne moannen hawwe meardere studinten in plakje krigen by Streekwurk. Stazjêrs Charlotte, Hidde en Kristian diele 26 maaie harren ûnderfinings. Hjirûnder it ynterfjû mei Hidde dy’t tagelyk staazje rint by Doarpswurk.

Hidde Jonker (19) út Achlum

Hidde zittend op een muurtje “Ein jannewaris, twa wiken foar’t ik mei in staazje begjinne moast, hearde ik dat ik by Streekwurk begjinne mocht. Kinst dus wol stelle dat it lestich wie om in staazjeplak te finen yn dizze tiid. Streekwurk slút hiel goed by myn oplieding oan. Hast in soad mei doarpsbelangen te meitsjen en sjochst dat der soms bêst wol in gat is tusken de provinsje en doarpsbelangen. By myn oplieding Management Leefomgeving wurd ik oplaat om sa’n gat lytser te meitsjen.

Ik ha ûndersyk dien nei de wite plakken fan it Iepen Mienskipsfûns (IMF). De wite plakken binne kearnen of doarpen yn Fryslân dy’t hast noait gebrûk makke hawwe fan it IMF. Ik ha útsocht wêr’t de wite plakken sitte en ûndersyk dien nei de oarsaken fan it lytse tal fersiken út de oanbelangjende doarpen. Op basis dêrfan ha ik in tal oanbefellings foar Streekwurk opsteld.

It kontakt hawwen mei de minsken fan de doarpsbelangen fyn ik super leuk. It is dan no wol in soad online, mei fysyk kontakt wurdt it noch leuker tink ik. Faak sit ik ien of twa dagen yn ’e wike op kantoar mei myn begelieders Peter en Tieneke. It nauwe kontakt mei harren fyn ik echt in foardiel. Sy helpe my in soad. Dêrtroch krige ik it gefoel dat wy it ûndersyk mei-inoar dogge. Dat makket de staazje hiel leuk.

Provinsje Fryslân is nei myn idee in organisaasje mei in protte wissichheid en it provinsjehûs is fansels in toplokaasje om te wurkjen. It liket my leuk om yn de takomst by de provinsje te wurkjen, mar earst wol ik noch fierder studearje. Nei dizze staazje gean ik in heal jier nei Noarwegen foar de minor From Mountain to Fjord. Dêr sjoch ik nei út!”

Tekst & foto: Provinsje Fryslân